Directory

Macmillan Publishers USA - Wikipedy Springe nei ynhâld

Macmillan Publishers USA

Ut Wikipedy
Macmillan Publishers USA
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1869
opdoekt 2007
oprjochter George Edward Brett
eigner Verlagsgruppe Georg von
   Holtzbrinck GmbH
fuortk. út Macmillan Publishers
offisjele webside
gjint

Macmillan Publishers USA is de eardere namme fan in Amerikaanske útjouwerij wêrfan't de ynfrakstruktuer no fierhinne yndield is by oare útjouwerijen. It bedriuw kaam ein njoggentjinde iuw fuort út it gruttere en bekendere Britske Macmillan Publishers, en heart sûnt 2001 ta it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH.

Yn 1869 ferfear George Edward Brett, in wurknimmer fan 'e Britske útjouwerij Macmillan Publishers, nei de Feriene Steaten, om yn New York in Amerikaanske fêstiging fan it bedriuw op te setten. Yn 1896 ferkocht de Britske memme-ûndernimming al syn belangen yn 'e Feriene Steaten oan Brett syn soan en pakesizzer, George Platt Brett sr. en George Platt Brett jr., sadat Macmillan Publishers USA in folslein selsstannich bedriuw waard. Lykwols bestiene der yn dy tiid tige nauwe freonskiplike bannen tusken de famyljes Brett en Macmillan, en de Bretts besleaten om fanwegen nammebekendheid de bedriuwsnamme "Macmillan Publishers" oan te hâlden.

Under it bewâld fan 'e famylje Brett ûntjoech Macmillan USA him ta in foaroansteande útjouwerij, dêr't wurken útkamen fan bgl. Winston Churchill, Margaret Mitchell (Gone with the Wind) en Jack London (White Fang en Call of the Wild). Oant de sechtiger jierren fan 'e tweintichste iuw bleaune de Bretts oan it roer fan 'e útjouwerij stean. Troch syn fúzje mei Crowell Collier, yn 1961, en oernames fan konkurrinten lykas de Charles Scribner's Sons yn 1984, groeide Macmillan USA út ta in reus op 'e Amerikaanske útjouwersmerk.

Sels waard Macmillan USA yn 1989 oankocht troch de kontroversjele Britske media-tycoon Robert Maxwell, mar doe't nei dy syn ferstjerren yn 1991 syn erven fallyt giene, waard it bedriuw yn 1994 trochferkocht oan útjouwerij Simon & Schuster, dy't der syn difyzje oangeande neislachwurken fan makke. It grutte Britske útjouwersconcern Pearson PLC naam yn 1998 de hiele ûnderwiis- en beropslektuerdifyzje fan Simon & Schuster oer, mei dêrûnder ek Macmillan USA, wêrfan't it in grut part fan 'e ynfrastruktuer it jiers dêrop trochferkocht waard oan Thomson Gale.

De Amerikaanske rjochten op 'e namme Macmillan Publishers waarden yn 2001 mei in pear útsûnderings troch Pearson oerdien oan it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH, dat yn 1999 ek it Britske Macmillan Publishers oankocht hie, sadat de beide nammen foar it earst yn mear as in iuw wer yn ien hân kamen. Yn 2007 neamde Holtzbrinck syn Amerikaanske difyzje lykwols om, sadat de namme Macmillan USA fan dy tiid ôf fierhinne yn ûnbrûk rekke is, al libbet de ynfrastruktuer fan 'e oarspronklike útjouwerij no ûnder oare nammen gewoan fierder. Inkeld McGraw-Hill Education jout noch skoalboekjes foar it basisûnderwiis út ûnder de ymprint Macmillan/McGraw-Hill.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.